Kontakt mei Nawijn wie al oer

05 jun 2007 - 15:28

Heit Bauke Vaatstra hie it kontakt mei Nawijn en syn team al ferbrutsen foardat dy út de stichting stapte. Nawijn-en-dy diene te folle op eigen manneboet. Der wie net genôch oerlis mei de famylje, fynt Vaatstra. Nawijn liet moandei mei in mailtsje witte dat er net mear meidocht oan it ûndersyk.

Marianne Vaatstra waard yn 1999 fermoarde. Nei't justisjeel ûndersyk neat opsmiet, is der in spesjale ûndersyksstichting oprjochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)