Ljouwert hat bêste slogan
Ljouwert hat de bêste gemeenteslogan fan Nederlân. Dat is bekendmakke op it kongres fan de Vereniging Nederlandse Gemeenten, it VNG. 'Kijk, dat is 't mooie van Leeuwarden' leit neffens de sjuery de klam op de dynamyk fan 'e stêd mei in ryk kultureel libben en de rêstige wenomjouwing mei romte en wetter.
Der wiene 74 ynstjoerings, ek fan fjouwer oare Fryske gemeentes. Wymbrits wie de iennige yn it Frysk.