Mienskiplike ynkeap provinsjes
Alle provinsjes sille tenei kantoarartikels mienskiplik ynkeapje. Dêrmei besparje se mear as de helte fan de mear as 5,5 miljoen euro dy't se no útjouwe oan papier, pennen en poatleaden.
De mienskiplike ynkeap is in inisjatyf fan 'e provinsje Gelderlân. Noard-Hollân docht net mei. De provinsjes wolle mear mei-inoar oparbeidzje. Se hawwe dêrfoar in spesjaal platfoarm oprjochte.