Autobân slepe foar it miljeu

De rinners op de Ofslútdyk
Twa jongeren rinne tiisdei op Wrâldmiljeudei de Ofslútdyk mei in autobân achter harren oan. It binne Aukje van Gerwin út Brabân en Jon Earle út Nij-Seelân. De tocht is ek in training foar it rinnen mei in slide. Takom jier rinne de jongeren fan de Súdpoal nei de Noardpoal.
Rûnom yn 'e wrâld rinne jongeren mei autobannen te slepen. It Pole to Pole-ynstitút wol dêrmei de oandacht festigje op klimaatferoarings.