Frou slacht ruten yn

05 jun 2007 - 10:20
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat moandeitenacht yn Ljouwert in 28-jierrige frou oanhâlden foar fernielerij. De frou hie op de Tynjedyk de ruten fan auto's en in winkel fernield.

In tsjûge dy't it sjoen hie, hâlde de frou oan en slute har yn 'e hûs op. Dêrnei belle er de plysje. Dy hat de frou meinaam en opsletten. Wêrom't se de ruten fernield hie, is net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)