Kitesurfers yn noed

In kitesurfer
De rêdingsboat fan Hylpen is moandeitemiddei yn aksje kommen om twa kitesurfers yn feilichheid te bringen. Dat barde op de Iselmar, ter hichte fan kamping It Soal by Warkum.
De surfers wienen te fier út de kust rekke en koenen net op eigen krêft wer nei de fêste wâl komme. De rêdingsboat hat ien fan de beide kitesurfers oppikt. De oare surfer koe úteinlik dochs wol sels de kust berikke.