'Nijpels net út Fryslân wei'

De passaazje yn De Telegraaf
De Fryske Kommissaris fan 'e Keninginne, Ed Nijpels, leit syn funksje takom jier net del, sa seit in wurdfierder fan de provinsje. De Telegraaf kaam moandei mei it nijs dat Nijpels fuortgean soe.
In sjoernalist fan de krante soe in útspraak fan Nijpels lykwols ferkeard ynterpreteard ha, nei fragen oer it fuortgean fan boargemaster Dales fan Ljouwert. Nijpels is sûnt 1999 kommissaris yn Fryslân.