Utlis oer plannen Keningsdjip

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Opsterlân krije tiisdei útlis oer de plannen mei it gebiet om it Keningsdjip hinne. Yn it gebiet wurdt de kommende jierren foar sawat 18 miljoen euro ynvesteard.
De natuergebieten wurde op 'e nij ynrjochte en der komme fytspaden en in kuierpaad. De plannen wurde yn blokken fan fjouwer jier útfierd, mei it earste blok wurdt noch dit jier begûn. De ynwenners fan Opsterlân wurde tiisdeitejûn bypraat oer de plannen.