Gemeente praat oer krisis

04 jun 2007 - 14:58

De ried fan Littenseradiel rommet nije wike moandei in hiele jûn yn om te praten oer de bestjoerskrisis yn de gemeente. De ried sil it dan ha oer it rapport fan heechleraar Douwe Jan Elzinga oer de saak. De heechleraar steatsrjocht hat ûndersyk dien nei it konflikt yn it kolleezje en mooglike oplossingen oandroegen. Tongersdei wurdt it rapport iepenbier makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)