Beweechbere peallen yn It Fean

04 jun 2007 - 12:51

De gemeente Hearrenfean hat moandei maatregels naam om de ferkearsoerlêst yn it sintrum tsjin te gean. It sintrum is allang ôfsletten foar auto's, mar lang net eltsenien hold him dêroan. Dêrom binne der no sân beweechbere peallen yn gebrûk nommen.

De peallen sakje allinnich yn de grûn as der minsken oankomme mei in ûntheffing. It systeem hat 2,5 ton koste.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)