Foar simmer beslút oer Poortje

04 jun 2007 - 10:54

De gemeenteried fan It_Hearrenfean moat noch foar de simmer ja of nee sizze tsjin in fêstiging fan jeugdfinzenis Het_Poortje. Yn Grins en Feanhuzen binne al lokaasjes, mar ek yn Fryslân moat in fêstiging foar sawat 75 jongeren komme. B en W binne foar de jeugdfinzenis. De ried kin op 25 juny oer de betingsten prate. Het_Poortje siket in plak yn in wenwyk, tichtby in skoalle. In eksakte lokaasje wurdt letter noch socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)