Man oanhâlden mei drugs

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintenacht yn Ljouwert in snorfytser oanhâlden dy't drugs by him hie. De man, in Wurdumer, besocht oan kontrôle fan de plysje te ûntkommen, mar die dat sa opsichtich dat de plysje de achterfolging ynsette.
De man waard op de Grinzerstrjitwei oanhâlden. Hy bliek sân wikkels mei kokaine en twa fleskes GHB by him te hawwen. Hy wie nei alle gedachten sels ek ûnder ynfloed fan drugs.