Motorrider swier ferwûne

04 jun 2007 - 10:19
Foto: Omrop Fryslân

By in oanriding op de Nieuweweg yn Noardwâlde is sneintemiddei in motorrider swier ferwûne rekke. De man, in 29-jierrige ynwenner fan Genemuiden, is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Swolle ta brocht.

De motorrider waard oanriden troch in 36-jierrige automobilist, dy't fan de Dwarsvaartweg kaam. Dy hie de motorrider gjin foarrang jûn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)