Scholten wint Thialf-darten

Roland Scholten (foto Martin de Jong)
Darter Roland_Scholten hat snein de Thialf_Darts_Trophy wûn. De Nederlanner wie yn de finale mei 3-1 te sterk foar de Ingelsman Chris_Mason.
Yn totaal diene der 128 dielnimmers mei oan it toernoai. Dêr ûnder wiene sân Friezen. Fan harren die Leo Mooibroek fan Mitselwier it it bêste. Hy einige by de lêste 32 fan it toernoai. De Thialf_Darts_Trophy waard dit wykein foar it earst hâlden en sil de kommende trije jier werom komme.