De Jong makket film oer 'Snuf'

Regisseur Steven_de_Jong, bekend fan Baas_Boppe_Baas en de Kameleonfilms, sil in spylfilm meitsje fan de jeugdboekesearje 'Snuf de Hond'. Dat hat er snein bekendmakke. De film komt yn de maityd fan 2008 yn de bioskopen.
Nei de film folget in searje oer 'Snuf de Hond', dy't de EO yn it neijier fan 2008 útstjoere sil. De film wurdt yn septimber en oktober opnaam. Akteurs binne noch net bekend. Ek de hûn is noch net fûn.