Oanhâlding foar wapenbesit
De plysje hat sneontemiddei op in parkearterrein oan de Dreef op It Hearrenfean fjouwer ynwenners (15, 19 en twa fan 24 jier) fan dat plak oanholden. In plysjefrou seach dat de fjouwer in wapen hiene en warskôge har kollega's.
De fjouwer binne oerbrocht nei it buro. Dêr die bliken dat it wapen in yllegaal pellet-gewear wie.