Frou yllegaal yn fakânsjehûs

03 jun 2007 - 14:08
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat sneontemiddei in 28-jierrige Poalske frou oanholden. De frou ferbleau neffens de eigner fan in fakânsjewenning oan de Plattedyk op De Lemmer yllegaal yn dy wenning. Se wie binnenkaam troch in rút te forsearjen.

De frou fersette har by de oanhâlding. Se waard dêrop mei hânboeien om nei it plysjeburo oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)