Fytstocht foar sliepsealen

© Omrop Fryslân
De World Servants Groep Oerterp hâldt meikoarten in sporsorfytstocht. Leden fan de groep sille op tadems fan Den Haach nei Oerterp fytse. It jild dat se dêrmei byelkoar bringe, giet nei de bou fan sliepsealen by in skoalle yn Bolivia.
Twa leden fan de groep sille fan 't simmer nei Bolivia om te helpen by de bou fan dy sealen. Nei de tocht op de tadems sil der yn Oerterp noch 24 oeren lang fytst wurde op hometreners.