Ferkiezing leukste restaurant

03 jun 2007 - 12:17

Fia ynternet kin dizze dagen meidien wurde oan de ferkiezing fan it leukste restaurant fan It Hearrenfean. Der kin keazen wurde út tsien restaurants, dy't earder al selektearre binne mei in kaarte-aksje.

De ferkiezing is in inisjatyf fan de webside Allesvan.nl. Stimme kin oant en mei 10 juny. Op 15 juny wurdt de winner bekend makke. Op Allesvan.nl sille yn de takomst ek oare ferkiezings komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)