Alde cracks op Cambuurreuny

02 jun 2007 - 17:16

Ald-spilers, trainers en begelieders fan Cambuur binne sneon yn Ljouwert byinoar om herinnerings út it ferline op te heljen. Yn it stadion is in grutte clubreuny. Sneontejûn binne der ek noch wedstriden tusken de Cambuur All Stars en de kampioens- en promoasjeteams fan 1992 en 1998.

Alle legendaryske nammen wiene sneontemiddei yn it stadion al fan 'e partij. Boppeslach op Omrop Fryslân Televyzje hat moandei in reportaazje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)