Harkemase Boys-Türkiyemspor
De Harkemase Boys komme nije wike sneon út tsjin Türkiyemspor út Amsterdam yn de heale finale fan it bekertoernoai. Türkiyemspor berikte de heale finale troch in 2-1 oerwinning op Bennekom.
De Boys spylje de heale finale yn Amsterdam. By in oerwinning wurdt de lanlike finale spile op 'e Harkema.