Priis foar CIOS

02 jun 2007 - 16:39

In ûndernimming fan CIOS-studinten fan It Hearrenfean hat sneon it Nederlânsk Kampioenskip Jonge Ondernemer wûn. De ûndernimming mei de namme Avanti Events organisearret sporteveneminten foar bedriuwen, skoallen en gemeenten. Ek is der in blessuerewizer ûntwikkele. Dat binne fernijende produkten, fynt de sjuery.

De CIOS-studinten waarden yn Amsterdam keazen út sân ûndernimmings út hiel Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)