Motorrider slimferwûne

02 jun 2007 - 14:27
Foto: Omrop Fryslân

In motorrider út Wâlterswâld is freedtejûn slimferwûne rekke by in oanriding yn Damwâld. De 23-jierrige man wie mei syn motor achterop in auto botst fan in 31-jierrige Damwâldster. Dy man woe mei syn auto in oprit opride.

De motorrider hie ferskate frakturen oan syn skonken en heupen. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)