Auto yn de sleat by Grou

02 jun 2007 - 14:16
Foto: Omrop Fryslân

In 24-jierrige man út Grou is sneontemoarn by syn wenplak mei de auto yn 'e sleat rekke. Hy kaam op it Leechlân mei de tsjillen yn 'e berm, stjoerde tsjin, mar it gie mis. De auto kaam oan 'e oare kant fan 'e dyk op 'e kop yn de sleat.

De Grouster koe sels út de auto komme. Hy is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat de ferwûnings tafoelen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)