Ynbrekkers sporthal oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtenacht yn Feanwâlden trije jongemanlju oanholden op fertinking fan ynbraak yn in sporthal oan de Ljurkstrjitte earder dy nacht. It giet om in jonge út Ljouwert (19), ien út Noardburgum (18) en ien út Feanwâlden (17).
Yn de kantine hiene se snobbersguod en frisdrank meinommen. De plysje pakte de fertochten op op in parkearterrein yn Feanwâlden. Se hiene ynbrekkersark en it stellen guod by harren.