Rjochtsaak om kitesurfen

De Waadferiening is nei de rjochter stapt om kitesurfen op twa plakken yn de Waadsee te ferbieden. It giet om de Bandshoeke by Lauwerseach en it Griene Strân op Skylge. In earder beswier tsjin it beslút fan Rykswettersteat om it kitesurfen op dy plakken wol ta te stean, hat it net helle. Dus stapt de Waadferiening nei de rjochter.
Rykswettersteat hat net genôch nei it natuerbelang fan de fûgels yn de gebieten sjoen, fynt de Waadferiening.