Mear service by biblioteken

© Omrop Fryslân
De leden fan 'e Biblioteken Midden-Fryslân krije in nije lienerspas. Dêrmei wolle de biblioteken better ynspylje op nije service en ferskate aksjes.
De bibloteken wolle mear aktyf nei bûten ta trede. Sa sille de leden op 'e hichte brocht wurde mei direct mail, posters en in email-nijsbrief. Ek wurde âld-leden benadere mei de fraach oft se wer lid wurde wolle fan 'e biblioteek.