Gjin WK-titel foar Scholma

© Omrop Fryslân
Dammer Auke Scholma had freed syn ien nei lêste partij op it WK yn Hardenberg ferlern. De âld-Peinster gie ûnderút tsjin de nûmer twa fan ûnderen Yuriy Lagoda. Scholma hie winne moatten om noch kâns op de wrâldtitel te hâlden. Troch syn ferlies sakket er nei it fyfde plak.
De Rus Shvartman en de Dútser Podolski stean boppeoan. Sneon is de njoggentjende en lêste ronde fan it WK Damjen.