Ooms-fertochte langer fêst

© Omrop Fryslân
De Amsterdammer fertochte (23) fan belutsenens by de moard op Marinus Ooms is freed foarlaat oan 'e rjochterkommissaris yn Ljouwert. De rjochter hat bepaald dat de man langer fêstsitten bliuwt.
De fertochte siet sûnt 5 desimber 2006 yn finzenis yn Parys en is ôfrûne tiisdei útlevere oan Nederlân. De man is yn Frankryk oanhâlden nei oanlieding fan DNA-spoaren.