Snits ferdield oer blowferbod

01 jun 2007 - 17:01

Ynwenners fan Snits binne ferdield oer it blowferbod dat de gemeente ynfiere wol. Takom simmer moat it yngean, tagelyk mei in ferbod om yn groepkes om te hingjen op strjitte.

It ferbod jildt ûnder oare by de Wetterpoarte. Benammen simmerdeis en yn de jûnsoeren hingje dêr hasj- of wytsmokende jongeren om. Toeristen hawwe dêr lêst fan. Dit jier binne der al sawat 300 klachten oer oerlêst by de plysje ynkaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)