Pyt P. yn Kabouter Plop-film

01 jun 2007 - 16:31

Pyt Paulusma hat opnames dien foar de nije Kabouter Plop-film. De Fryske waarman moast dêrfoar ôfreizgje nei Antwerpen. Pyt spilet yn de film in waarman dy't in waarpraatsje hâldt foar de Súdpoal.

De film is ein oktober yn de bioskoop te sjen. Moandei is yn Hea by Omrop Fryslân Televyzje in reportaazje oer de filmavontoeren fan Pyt Paulusma te sjen. Pyt Paulusma hat ek al ris meidien oan in Kameleonfilm.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)