Jonges oppakt foar fandalisme

01 jun 2007 - 13:05

Fjouwer jonges fan tusken de 15 en 17 jier binne tongersdeitejûn oanhâlden op de Julianastrjitte yn Snits. In foarbygonger seach dat se de muorre fan in winkel oan it bekladzjen wiene. Hy warskôge de plysje.

De fjouwer waarden en oanhâlden en moasten mei nei it plysjeburo. Nei ferhear en in prosesferbaal hawwe se de muorre skjinmakke. De jonges mochten doe nei hûs ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)