Plasterk iepenet Oerol

Minister Plasterk
Minister Plasterk fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip iepenet de 26ste edysje fan it Oerolfestival op Skylge. Dat sil wêze op it festivalterrein Westerkeyn. Om 8 oere jûns is dêr ek noch in spesjaal optreden fan Wende Snijders, sa hat de Oerolorganisaasje freed bekendmakke.
Oerol wurdt iepene mei it stik Cargo fan Theatre du Centaure. Fierders binne der dy noch fiif oare foarstellings te sjen op it eilân.