Blokriden net echt súksesfol

01 jun 2007 - 11:55

It blokriden op 'e rotonde fan De Jouwer smyt net folle op, docht bliken út in evaluaasje. Fan april ôf ried Rykswettersteat yn de moarns- en jûnsspits stadich rûntsjes mei auto's. Dan kinne oaren better ynfoegje en wurde de files lytser.

Mar de files út It Hearrenfean wei waarden betiden langer. Fierders weagje de kosten net op tsjin it risseltaat. Fan moandei ôf wurdt no inkeld blokriden by ekstreme drokte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)