Jeugdsintrum yn Boalsert

01 jun 2007 - 10:30

De provinsje lûkt nei alle gedachten 90.000 euro út foar in jeugdaktiviteitesintrum dat yn Boalsert komme moat. De Stichting Kinderopvang Zuidwest-Friesland wol sa'n sintrum opsette foar bern tusken de 9 en de 13. No is der eins net in plak dêr't sokke bern hinne kinne.

De berne-opfang hat sels in gebou, mar dat moat dan wol oanpast wurde. De provinsje betellet dêr nei alle gedachten in tredde part oan mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)