Lieuwe Westra de sterkste

31 maaie 2007 - 22:27

Lieuwe Westra hat tongersdeitejûn de Ronde fan Gerkeskleaster-Stroobos wûn. Dat is de earste wedstriid fan de Pompeblêd-twadaagse. De hurdfytser fan Mûnein wie fierwei de sterkste. Yn de einsprint fersloech hy Folkert de Haan.

Omdat yn it begjin fan de 80 kilometer de klinkers noch sjippeglêd wiene, wiene der in protte falpartijen. Ek Lieuwe Westra gong hurd ûnderút, mar sels mei in stikkene fyts wie hy de bêste. Wim Stroetinga waard tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)