Offisjele start NHL Skipsbou

31 maaie 2007 - 17:21

De NHL Ljouwert begjint yn septimber mei in nije oplieding skipsboukunde, mei de hegeskoalle InHolland. Yn it Aquaverium yn Grou waard dêr tongersdei de offisjele ôftraap foar jûn.

De skipsbou draait de lêste tiid goed. Der komme in soad opdrachten. Dan moatte der genôch heech oplate minsken foarhannen wêze. De nije oplieding skipsboukunde, mei as spesjalisaasje jachtbou, komt dêrom goed fan pas.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)