'Soad belangstelling Selexyz'

23 mrt 2012 - 19:51

Der binne ferskate partijen dy't boekhannel De Tille yn Ljouwert en de oare 15 Selexyz-winkels oernimme wolle. Dat meldt de NOS. Neffens de omrop hopet de bewâldfierder nei it wykein mear dúdlikens te jaan.

De organisaasje achter de boekwinkels frege dizze wike surseânse fan betelling oan fanwege jildkrapte. De winkels bliuwe foarearst wol iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)