Manifestaasje oer Pier Pander

31 maaie 2007 - 16:31

It wurk fan 'e Fryske byldhouwer Pier Pander stiet dizze wike yn 'e skynwerpers. Pander ferstoar yn 1919, doe ferneamd, mar no net mear. In manifestaasje moat derfoar soargje dat er yn eare hersteld wurdt.

De skipperssoan út Drachten teach nei Rome en waard populêr en ryk. Dit wykein begjint in útstalling mei syn wurk. Der komt in boek út, en it timpeltsje yn de Prinsetún en it Pier Pander-museum gean ek wer iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)