Keunstner jout 11-stêde-bylden

31 maaie 2007 - 14:38

Yn Snits is tongersdei it twadde byld fan de Alvestêderûte delset. De bylden binne in presintsje fan keunstner Evert van Hemert. Sleat hat it earste alvestêdebyld krige en Raard by Dokkum krige tongersdeitemiddei it tredde. De gemeente Dongeradiel woe it dêr hawwe en net yn Dokkum.

Net alle gemeenten witte wat se mei it spontane gebaar oan moatte. Sa bestiet yn Ljouwert argewaasje oer it plak fan it trije meter hege keunstwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)