Pijper werom nei Edinburgh

31 maaie 2007 - 13:47

Speedwayer Theo_Pijper fan Rinsumageast giet werom nei de Edinburgh_Monarchs yn Skotlân. Dy club ferhierde him ferline jier oan Wolverhampton_Wolves. Pijper en de Wolves wiene net tefreden. De Fryske speedwayer makke ferline wike bekend dat er fuortgiet út Wolverhampton.

By Edinburgh makket Pijper it seizoen ôf. Freed riidt er syn earste wedstriid. Tsjinstânner is syn âlde ploech Wolverhampton.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)