Mantgum klaget gemeente oan

31 maaie 2007 - 13:42
Foto: Omrop Fryslân

It doarp Mantgum begjint in rjochtsaak tsjin de eigen gemeente Littenseradiel. De ynwenners fan it doarp binne tsjin de UMTS-mêst dy't njonken de brânwachtkazerne komme moat.

De gemeente hat al in boufergunning ôfjûn, mar de ynwenners sjogge de mêst net sitten. Se binne benaud foar de straling en wat dat mei de sûnens docht. De rjochtsaak is oanspand út namme fan 155 húshâldings yn it doarp.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)