Postma sylt him yn Finn-finale

23 mrt 2012 - 19:37

Finn-siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat him by it Europeesk kampioenskip yn Italië pleatst foar de finale. Postma sylde in goeie sechde race en stiet dêrtroch sechde yn it klassemint. Dat is genôch foar in plakje yn de finale, omdat de earste tsien fan it klassemint dêr oan meidwaan meie.

Postma is de iennichste Nederlanner dy't oan de finale meidocht. De oare Nederlânske dielnimmer, Timo Hagoort, kaam net fierder as in 28e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)