Landman definityf nei Flyers

© Omrop Fryslân
IIshockeyer Erik_Landman komt defintyf werom by de Vadeko_Flyers. Landman hat woansdeitejûn in nij kontrakt tekene. Nei twa jier komt er no wer werom. By de Flyers sil er wer tegearre mei syn broer Jacco spylje.
Landman spile earder alve jier op It Hearrenfean. Twa jier ferlyn gie er nei Nijmegen. Dêr waard er foar it earst Nederlânsk kampioen. It ôfrûne jier kaam Landman út foar Geleen.