Problemen foar frijwilligers
Fjirtich prosint fan de frijwilligerorganisaasjes yn Fryslân hat problemen mei de wet- en regeljouwing yn Nederlân. Se ha bygelyks problemen mei fergunnings, subsydzjes en kontakten mei gemeenten.
Dit docht bliken út in ûndersyk yn opdracht fan Sport Fryslân, Partoer Fryslân, Doarpswurk en Keunstwurk. Faak komme problemen ek troch it ferlet fan tiid, jild en frijwilligers.