Brânstifters LPF wer frij

30 maaie 2007 - 17:28

De twa fertochten fan brânstifting by it eardere Ljouwerter papierfabryk LPF binne wer op frije fuotten. Heal april hiene sy út balstjurrigens brân makke.

De rjochter hat woansdei besletten dat se wer nei hûs ta kinne. Ien fan de twa stiet noch wol ûnder elektroanysk tafersjoch, oant de saak by de rjochtbank foarkomt. In tredde fertochte is earder al frijlitten om't hy eksamens hie. By de brân yn de leechsteande fabryk is asbest frijkaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)