Fertochten langer fêst

30 maaie 2007 - 16:58
De sjitterij wie by in pompstasjon oan de Gerbrandywei

De twa fertochten fan de sjitpartij fan goed twa wike lyn yn Ljouwert bliuwe foarearst fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten.

By de sjitpartij tusken in groepke Antillianen rekken twa minsken ferwûne. In tredde fertochte moat letter noch foar de rjochter ferskine. De sjitpartij sil rekonstrueard wurde om mear dúdlikens te krijen. Ek de fjoerwapens wurde noch op spoaren ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)