Boargemaster Bosma stoppet
Boargemaster Jo Bosma fan de gemeente Lemsterlân leit oer in goed jier, op 1 maaie 2008, syn funksje del. Bosma hat dat tiisdei oan de gemeenterie meidield.
Bosma wurdt yn april takom jier 65 jier. Hy fynt dat in moai momint om der mei op te hâlden. Bosma hat dan yn totaal fyftjineninheal jier boargemaster fan Lemsterlân west.