Mooglik oerlêst by fleanbasis

Fanwege in iepen dei yn Wezep sille der wat mear F-16's fleane
De iepen dei fan de landmacht by Wezep soarget kommende sneon foar drokte by de fleanbasis fan Ljouwert. Tusken tsien oere moarns en fjouwer oere middeis sille F-16 strieljagers oerfleane.
Dit soarget mooglik foar oerlêst foar omwenjenden fan de fleanbasis. De tiden dêr't op flein wurdt, kinne op it lêste momint noch feroarje foar de feiligens of troch it waar.