Flaters by oanlis beskoeiing

30 maaie 2007 - 12:27

De gemeente Ljouwert hat meardere flaters makke by de oanlis fan de wâlbeskoeiing yn de nije wyk Blitsaerd. Dat is de wichtichste konklúzje fan in ûndersyk fan de Rekkenkeamer. Foar de beskoeiing is hout brûkt dat gjin FSC-keurmerk hat.

It kolleezje is hjiroer net ynformeard en de ried is net bypraat. Om soks tenei foar te kommen advisearret de Rekkenkeamer dat better fêsteld wurdt wa't wêrfoar ferantwurdlik is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)